Rekôromset foar Snitser útstjoerburo AB Vakwerk

Webside AB Vakwerk © abvakwerk.nl
De omset fan it Snitser útstjoerburo AB Vakwerk is foar it earst yn har bestean oer de grins fan fan 100 miljoen gien. Dy omset gie omheech fan 95,8 miljoen oer 2014 nei 101,8 miljoen euro yn 2015. It bedriuwsresultaat wie 3,4 miljoen euro.
De groei fan de omset komt benammen fan de sektoaren agrarysk, food, wei- en wetterbou en technyk. De koöperaasje ferwachtet dat de stiging dit jier trochset en wol kantoaren yn Grins en yn de Noardeastpolder iepenje.
Der wurkje 1.100 fêste meiwurkers en 4.000 flekswurkers by it bedriuw. Yn 2013 moast AB Vakwerk noch reorganisearje en krigen 41 meiwurkers dien.