Manlju pakt mei ynbrekkersark en drugs

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
Twa manlju fan 31 jier út Eastermar en Feanwâlden binne tiisdeitenacht op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert oanhâlden. De plysje seach de manlju by Tytsjerk riden. Om't beiden bekenden fan de plysje binne, sette dy harren auto oan de kant.
Se hiene ynbrekkersark en ferskate soarten drugs by harren. Boppedat hiene se in pomp en in jerrycan by harren, nei alle gedachten bedoeld om brânstof út auto's te stellen. It guod is yn beslach naam. De beide manlju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.