Yntroduksjeles yn goalbal foar fisueel beheinden

30 mrt 2016 - 08:19

Woansdeitejûn is der op It Hearrenfean in yntroduksjeles om mei goalbal yn de kunde te kommen. Dit is in balsport foar fisueel beheinde en bline minsken. Om't der sport wurdt mei in rinkelbal, kinne de fisueel beheinde dielnimmers hearre wêr't de bal weikomt en wêr't er hinne giet. It spul kin dêrom blyn spile wurde.

Ek minsken dy't goed sjogge, kinne meidwaan. Alle dielnimmers krije nammentlik in ôfplakte skybril op, sadat nimmen wat sjen kin. Goalbal wurdt spile yn twa teams fan trije persoanen.

Op elke helte fan it fjild ien team. De spilers sitte op knibbels op fêste posysjes op 'e grûn mei it doel achter harren. De bedoeling is om de bal yn it doel fan de tsjinstanner te goaien of rôljen. Wa't de bal hat, moat binnen tsien sekonden in doelpoging dwaan, oars krijt de tsjinpartij in penalty.

Goalbal op 'e kaart sette

Rik van den Bogerd, ergoterapeut by Koninklijke Visio, organisearret de les. Dit docht hy tegearre mei Sport Fryslân. It doel is om de sport yn Fryslân op de kaart te setten, sadat minsken mei in fisuele beheining ek sporte kinne. Ek wol Van den Bogerd in goalbalteam oprjochtsje. "Wij willen weer een team opzetten in Fryslân, om mee te doen in competitieverband."

De yntroduksjeles begjint woansdeitejûn om 19.30 oere yn de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean en duorret oant 20.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)