D66 stapt út it kolleezje fan Opsterlân

D66 stapt út it kolleezje fan Opsterlân. De partij hat gjin betrouwen mear yn wethâlder Kooistra nei oanlieding fan it yntegriteitûndersyk dat dien is yn opdracht fan de gemeente. Dat die tiisdeitenacht bliken oan de ein fan in lange gearkomste fan de gemeenteried oer de kwestje.
Oanlieding foar it ûndersyk wie it optreden fan riedslid Sikke Marinus fan Opsterlands Belang. Hy hie by de gemeente lobbywurk dien foar it bedriuw fan syn frou. Dat mei net en de wethâlder hie earder yngripe moatten, sa stiet yn it rapport oer de kwestje.
Wethâlder stapt net op
CDA-wethâlder Wietze Kooistra kin lykwols rekkenje op de stipe fan de mearderheid fan de ried en is dan ek net fan doel op te stappen. D66 hat dêrop besletten har stipe foar it kolleezje op te sizzen. In beslút mei grutte gefolgen foar de partij.
Wat foar gefolgen it krekt hawwe sil is noch net dúdlik. It kolleezje fan CDA, ChristenUnie en Opsterlands Belang hat noch altyd in mearderheid en kin dus ek sûnder D66 fierder.