Dantumadiel wol bestjoerlik selsstannich bliuwe

De gemeenteried fan Dantumadiel hat him definityf útsprutsen tsjin in bestjoerlike fuzje mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. De riedsleden stimden tiisdeitejûn wol yn mei in fuzje op amtlik nivo, mar se fine dat de gemeente bestjoerlik selsstannich bliuwe moat.
De trije oare gemeenten hawwe ferline wike besluten dat se opgean wolle yn ien gemeente, ek as Dantumadiel dêr net oan meidocht. Dy fúzje moat yn 2019 syn beslach krije.
Alve riedsleden yn Dantumadiel stimden tsjin de bestjoerlike fuzje, seis wienen foar. It giet dan om de riedsleden fan de FNP en op ien nei alle CDA-ers.