Gemeentenhuzen blau beskynd fanwege autismewike

29 mrt 2016 - 21:48
  • It gemeentehûs fan Kollumerlân wurdt blau beskynd

Gemeentehuzen yn Noardeast-Fryslân dogge mei oan de lanlike wike fan it autisme. Fan sneon ôf wurde se in wike lang yn blau ljocht set. It blauwe ljocht stiet foar de talinten en feardichheden fan minsken mei autisme. Sneon is it wrâld-autisme-dei. It tema fan de autismewike is 'sport en bewege'.

Oare gebieten yn Fryslân dogge ek mei. Sa kinne minsken op de golfbaan yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert 'glow in the dark'-golfe. En yn Drachten is in kongres oer autisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)