Drokke GGD hat te min jild om op nivo te wurkjen

De Fryske GGD hat net genôch jild om de taken op minimumnivo út te fieren. Dat seit direkteur Margreet de Graaf. De ôfrûne jierren hat de GGD it folle drokker krige, ûnder mear troch de útbraak fan sykten dy't in soad omtinken freegje en de komst fan flechtlingen.
Neffens De Graaf draait de Fryske GGD op 't heden op 75 prosint fan wat sjoen wurdt as it minimum as it giet om de bestriding fan sykten en ferbettering fan de sûnens. Om dat wer op 100 prosint te krijen moatte gemeenten mear jild bydrage.