FIDEO: Farah út Bûtenpost wurdt mooglik Miss Earth
Se is 22 jier, en hikke en tein yn Bûtenpost. Farah Qureshi. Se hat in Fryske mem en in Pakistaanske heit. Farah sit by de lêste fjouwer fan Miss Earth Nederlân. Dêrnei wurdt se miskien de ynternasjonale Miss Earth. Miss Earth is ien fan de fjouwer grutte missferkiezings yn de wrâld. De winner moat har ynsette foar duorsumens en miljeu.