"Hotelbêden genôch mei Kulturele Haadstêd yn 2018"

29 mrt 2016 - 17:20
  • Hotel Post Plaza yn Ljouwert

Ljouwert hat genôch hotelkeamers om alle besikers fan Kulturele Haadstêd yn 2018 ûnderdak te jaan. Der is ek genôch romte yn hotels om de stêd hinne. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de gemeente Ljouwert. Sels yn de drokste moannen komt de besetting yn trochsneed net boppe de 73 persint út, is de ferwachting. Ljouwert fynt it dêrom net nedich om nije hotels bouwe te litten.

Yn it ûndersyk is ûnder oare sjoen nei Rotterdam, dat ea ek Kulturele Haadstêd west hat. Dy stêd krige doedestiids mar tsien persint ekstra boekingen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)