Harns krijt azc foar maksimaal trijehûndert flechtlingen

29 mrt 2016 - 17:09

Harns krijt nei alle gedachten in azc foar op syn meast 300 flechtlingen. Dat soe komme moatte op it Balklandterrein achter de Waddenhal. Mar foardat in beslút naam wurdt, wol de gemeente prate mei ynwenners en riedsleden. Tiisdei oer in wike is der in ynformaasjejûn foar alle ynwenners fan Harns.

Mocht it azc der komme, dan iepenet it nei alle gedachten begjin takom jier de doarren. It komt der foar maksimaal tsien jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)