Lieuwe Westra tredde op earste etappe yn De Panne

29 mrt 2016 - 17:05

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is tiisdei tredde wurden yn de earste etappe fan de Driedaagse fan De Panne yn België. De winst gie nei de Noar Alexander Kristoff, de winner fan ferline jier. Twadde yn de etappe waard Alexey Lutsenko út Kazachstan, in ploechmaat fan Lieuwe Westra by de Astanaploech. De trije hurdfytsers hiene harren yn de einfaze losmakke út in kopgroep fan 14 man.

Lieuwe Westra waard yn 2011 en 2012 twadde yn it einklassemint fan de Driedaagse van de Panne. Hy is bot motivearre de trijedaagse dit jier te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)