Studinten Van Hall Larenstein en Nordwin nei Sina

Van Hall Larenstein yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Ach studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein en it Nordwin College yn Ljouwert gean sneon foar har stúdzje nei Liyang yn Sina. Se sille oan it wurk yn in fakânsjepark dêr't minsken yn beamhutten ferbliuwe kinne. Se moatte ideeën betinke om it fakânsjepark noch oantrekliker te meitsjen.
Ljouwert hat in stêdebân mei Liyang en dêr komt de stúdzje-opdracht ek út wei. De Ljouwerter studinten wurkje yn Liyang gear mei Sineeske studinten.