Doeksen lit mooglik katamarans bouwe yn Fjetnam

Rederij Doeksen
Rederij Doeksen ûnderhannelet mei skipswerf Strategic Marine oer de bou fan twa nije skippen. It bedriuw hat werven yn Azië en De Feriene Steaten en is spesjalisearre yn de bou fan alderhande soarten aluminium skippen, ek passazjiersskippen.
As it kontrakt ûndertekene is, begjint Strategic Marine mei it ûntwerp en de bou fan de twa katamarans. Dy wurde boud op in skipswerf yn Fjetnam. Mids 2018 soene se dan it wetter yn kinne, seit Doeksen.