Advys oer ferdieling Littenseradiel oer trije gemeenten

29 mrt 2016 - 15:39
  • It gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels

De weryndieling fan de gemeente Littenseradiel is wer in stapke tichteby. De kolleezjes fan b. en w. fan de gemeenten dêr't Littenseradiel oer ferdield wurdt, hawwe tiisdeitemoarn it weryndielingsadvys fêststeld. Dat wurdt no foarlein oan de gemeenterieden, en dy nimme dêr yn april in beslút oer. Dêrnei moatte provinsje en ryk der noch oer gear.

Yn it advys stiet ûnder oare wêrom't Littenseradiel opheft wurdt en hoe't dat sil. Littenseradiel wurdt ferparte ûnder Ljouwert, Súdwest-Fryslân en de nije gemeente Waadhoeke.

De nije gemeente Waadhoeke bestiet út It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel. De gemeentlike fúzje moat mei yngong fan 1 jannewaris 2018 syn beslach krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)