Twa Ljouwerters naaie út mei stellen oanhingwein

29 mrt 2016 - 13:43
  • Oanhâlding troch plysje

De plysje hat moandeitenacht twa Ljouwerters fan 31 en 37 jier oanholden foar stellerij fan in oanhingwein. Dy stie yn de Foeke Sjoerdswei yn de stêd. In meiwurker fan in befeiligingsbedriuw folge de auto fan de fertochten.

Sy rieden mei hege snelheid troch de wyk Westeinde. Meardere plysje-auto's giene derhinne. Se blokkearren it paad, wêrtroch de twa net fierder koenen. Efterút woe ek net, want dêr hie de befeiligingsmeiwurker syn wein delsetten. De Ljouwerters sitte fêst. Harren auto en de stellen oanhingwein binne yn beslach naam.

De plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)