Kabaretfoarstelling foar eardere meiwurkers V&D

V&D yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De eardere meiwurkers fan V&D kinne nije wike fergees nei in kabaretfoarstelling fan Leon van der Zanden yn Zwolle. It inisjatyf foar dizze foarstelling komt fan in meiwurkster fan de V&D út Brabân. Sy rekke nei 23 jier har baan kwyt en fûn it mar nuver dat der hielendal net in echt ôfskied wie. Sy hat Van der Zanden benadere mei de fraach oft hy in kear optrede woe foar it V&D-personiel. Hy wie posityf en hat de besteande foarstelling omboud nei in V&D-fersy ûnder de namme "Leon's grote Prijzencircus".
De foarstelling wie op 8 maart yn Eindhoven en nije wike giet er nei Zwolle. Foar dy foarstelling is ek it personiel fan Ljouwert útnûge. Sy kinne kaarten reservearje by Schouwburg Odeon yn Zwolle.