(Brom)fytsers daliks op 'e bon yn fuotgongersgebiet Ljouwert

29 mrt 2016 - 11:29
  • De Doelesteech yn Ljouwert

De Ljouwerter plysje is tiisdei begûn mei it útskriuwen fan bekeuringen oan minsken dy't op de fyts of brommer troch in fuotgongersgebiet gean. Oant no ta dielde de plysje warskôgingen út, mar dy tiid is foarby.

Fytsers en brommers yn de fuotgongersgebieten foarmje ien fan de grutste ergernissen yn de Ljouwerter binnenstêd. Sawol winkeljend publyk as ûndernimmers kleie hjiroer. De boete is 95 euro, eksklusyf administraasjekosten. De ûndernimmers hawwe leaver dat minsken dat jild yn de winkels útjouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)