Kollum: "Ferlet fan Ahmed"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"It begûn mei De Kwakstralen, in album fan Suske en Wiske. Ik sil in jier of njoggen west ha. Mei De Kwakstralen gie in weareld foar my iepen. Dy karakters –Lambik wie fansels myn held- dy humor en dat taalgebrûk. Troch Suske en Wiske kaam ik yn ’e kunde mei België. In soarte fan Nederlân, mar dan lytser, smûker en gemoedliker. Suske en Wiske wiene feitlik it begjin fan myn belangstelling foar België.
Want yn deselde snuorje sette ek de hearskippij fan Eddy Merkckx út ein. Der wie net in koers of dy waard wûn troch de Beul fan de Fyts, de Zwarte fan Tervuren, de Kannibaal. Dy bynammen èn de prestaasjes fan de’n Eddy jagen it fjoer fan myn fassinaasje noch fierder oan. Mei it âlder wurden begûn ik België as de bettere ferzje fan Nederlân te sjen. It hie derfan dat alles dêr nofliker, moaier èn lekkerder wie. België hie net allinne in bloeiende stripkultuer, mar ek in fenomenale literatuer, it bêste bier, de meast smaaksume pralines en patat. Het Goede Doel song dat se dêr hinne woene omdat ‘het taaltje zo zacht’ wie, omdat ‘iedereen daar lacht’. En foar my wie dat ek sa. België wie synonym foar beskaving, en as de Flamingen it oer dy ‘diknekken’ hiene as it oer Hollanners gie, koe ik net oars as meistimme.
België stie foar beskaving en ûnskuld. De earste kear dat dêroan toarne waard, wie mei de moard op politikus André Cools. Dat sette in rige foarfallen út ein dy’t yn de jierren 90 laten ta de omskriuwing Beerput België. Cools bliek fermoarde troch in oare minister. De Bende van Nijvel, dy’t yn de jierren 80 aktyf wie, is noait oppakt wurden, omdat, sa wiene de geruchten, hegerhân dêryn behelle wie. Nei de Bende kaam it Agustaskandaal dêr’t nota bene Sekretaris-Generaal fan de NAVO Willy Claes foar ferantwurdlik bliek. Doe kaam de saak Dutroux, dy’t Beerput België noch mear stjonke liet. Hieltyd dúdliker waarden de bannen tusken organisearre misdied en polityk, de mafioaze struktuer dy’t dêr hearske, it walchlik berneporno netwurk en de smoarge hannen fan de polityk dêryn, it terrorisme dat ûntstie. It bliek dat sawol it plysje- as it justisjele apparaat oant yn it moarch ta ferrotte wiene.
België ferlear syn ûnskuld. Yllustratyf dêrfoar wie de langste regearingsformaasje út de skiednis: mar leafst 541 dagen siet it lân sûnder regear, genôch om yn it Guinnes Book of Records opnommen te wurden. Yn it Belgelân hearsket in kultuer fan fuortsjen en net beneamen fan problemen. Dêrtroch koe èn kin it ekstremisme yn u.o. in stêd as Brussel woekerje. Eks-Syriëgongers wurde bygelyks opfongen mei in hûs en in útkearing. It rotsjen dat by plysje en justysje bleatlein wurden is, wurdt no ek bleatlein by it bestjoerlik apparaat. De gaos is folslein.
België hat dus driuwend ferlet fan earlikens en trochtaastendheid, fan in oanpakker lykas Ahmed Aboutaleb. Wat sis ik? Nederlân hat ek ferlet fan Aboutaleb. Hy liket op dit stuit de iennichste polityk bestjoerder dy’t by steat is om op te treden en beslissingen te nimmen, de iennichste dy’t in lân yn sokke tiden liede kin. Dat, Ahmed, út namme fan Lambik en mysels: jou ús België werom. En nim yn deselde loop ek Nederlân even mei."