Wurknimmers Cofely Noord stake opnij

29 mrt 2016 - 06:39

By it bedriuw Cofely Noord wurdt moandei opnij staak. De wurknimmers easkje noch hieltyd in better sosjaal plan foar de 65 minsken dy't harren baan ferlieze troch in reorganisaasje. Neffens it fakbûn CNV sil Cofely flink lêst hawwe fan de staking, omdat it nee ferkeapje moat oan klanten. It bedriuw leit de oarsaak fan it baneferlies by it feit dat der folle minder wurk fan de NAM komt, mar neffens it fakbûn hie it bedriuw dêr better op ynspylje moatten.

De easken rjochtsje him benammen op in fatsoenlike regeling foar de âldere wurknimmers en it begelieden nei nij wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)