Man út Noardwâlde ferstoarn nei ûngelok
By in iensidich ûngelok op de A6 tusken Lelystêd en Almere is moandeitemiddei in man út Noardwâlde om it libben kaam. De man fan 66 jier rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.