Henk Bos twadde by Wielerronde fan Oerterp

28 mrt 2016 - 18:00

De Wielerronde fan Oerterp hat by de elite- en belofterenners krekt gjin Fryske winner krigen. Henk Bos fan Drachten waard twadde efter winner Stefan Poutsma fan Peize. As tredde einige Wessel Piersma fan Grins en fjirde waard Coen Rijpma fan Wolvegea. De fjouwer hurdfytsers hiene har yn de finale fan de koers oer 80 kilometer los makke út in kopgroep fan 14 man. Yn totaal stiene der 55 fytsers oan de start. De Wielerronde fan Oerterp is it earste kritearium fan it seizoen yn Noard-Nederlân.

It twadde plak fan Henk Bos is in moaie opstekker foar it nije Cycling Team Fryslân, dat it Fryske hurdfytsen op de kaart sette wol.

Trefwurden: 
hurdfytsen Henk Bos
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)