Rôffûgels sitte dowehâlders goed dwers

28 mrt 2016 - 19:37

Fryske dowehâlders hawwe grutte noed oer harren dowen. Hieltyd mear dowen wurde pakt troch rôffûgels lykas de hauk en de sparwer. Dat seit Friesland '96, de oerkoepeljende organisaasje fan dowehâlders yn Fryslân. Benammen de dowehâlders dy't mei harren bisten wedstriden fleane, hawwe skjin harren nocht fan de rôffûgels. De organisaasje krijt hjir de lêste tiid in protte meldings oer fan dowehâlders. De organisaasje tinkt dat der de ôfrûne jierren in soad rôffûgels bykaam binne, trochdat sy better beskerme wurde.

Roelof Stam fan de dowe-organisaasje seit dat dit goed te fernimmen is. ''Ik fyn rôffûgels moaie bisten, mar ik fyn it ferskriklik dat myn dowen deamakke wurde. Juster haw ik myn dowen wer ris loslitten en ik wie fuort ien kwyt oan in rôffûgel'', sa seit Stam.

Net allinnich dizze dowehâlder sjocht dat syn dowen pakt wurde troch de rôffûgels. Ek Booi van der Veen út Kollum is dupearre. Hy hat de ôfrûne jierren in soad dowen ferlern. ''Op in dei wiene der sa'n fyftjin dowen fuort fan de santjin dy't ik loslitten hie. Der sieten tige djoere dowen tusken. As je safolle dowen kwytreitsje dan binne je net bliid. Dochs haw ik trochset mei it hâlden fan dowen'', sa seit van der Veen.

Mar wat is deroan te dwaan om dy rôffûgels op ôfstân te hâlden? Neffens de dowehâlder út Kollum soe it helpe om de ûnderkant fan de wjukken te bespuitsjen mei in rôze kleur. ''Se sizze wolris tsjin my dat dat helpt, mar ik haw it noch nea dien''. De dowehâlder seit dat ek in tal oare dowehâlders yn syn omjouwing lêst hat fan de rôffûgels. ''It is sels sa dat as ik yn de buert bin, de fûgels rûntsjes fleane boppe it dak fan it dowehok''.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)