"Takomst PvdA stiet op it spul troch ferfrjemding"

28 mrt 2016 - 17:02
  • PvdA

De takomst fan de Partij van de Arbeid stiet op it spul. De partij ferfrjemdet yn fluch tempo fan de achterban. Dat stelt âld-deputearre Bertus Mulder fan de sosjaal-demokratyske partij. Mulder hat in soad funksjes by de PvdA hân. Njonken deputearre hat er ek foarsitter fan it Gewest Fryslân west. It giet Mulder oan it hert dat de PvdA in splinterpartij yn de peilings oan it wurden is. As ien fan de oarsaken fan de delgong neamt Mulder de gearwurking mei de VVD yn it hjoeddeistige regear. Ek hat de PvdA te min omtinken foar gewoane minsken.

Twa-tredde part fan de leden hat in akademyske of HBO-oplieding en dat is neffens Mulder yn it partijprogramma werom te sjen. Mulder ropt partijgenoaten op om mei in nije duorsume fyzje te kommen, wêryn't in stabile koers fearn wurdt mei plak foar nutsfoarsjennings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)