Wynkrêft njoggen yn peaskestoarm

28 mrt 2016 - 14:56

De peaskestoarm fan 2016 is in feit. Oan de kust fan IJmuiden waard tusken tolven en ienen gemiddeld in wynkrêft njoggen mjitten. Dêrmei giet it offisjeel om in stoarm. Op Flylân waard moandeitemiddei de swierste wynstjit mjitten, mei in snelheid fan 113 kilometer yn 'e oere. It hichtepunt fan de stoarm is yntusken foarby. Wol kinne yn de buien noch swiere wynstjitten foarkomme.

Yn Frjentsjer soarge de wyn foar in ravaazje doe't in bousteger omwaaide. De steger kaam op in parkearde auto telâne, dy't hjirtroch swier skansearre rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)