Undernimmers Terherne optein oer tal wettersporters

De toeristyske ûndernimmers yn Terherne ferwachtsje in soad fan it nije seizoen. Moandei waard it wettersportseizoen iepene yn it doarp. Peaskemoandei is tradisjoneel de iepening fan it wettersportseizoen.
Dat it Nederlânsk alvetal dit jier ûntbrekt op it Europeesk kampioenskip hat ek ynfloed op de boekingen yn Terherne, sa seit Annelies Tissink fan de toeristyske ûndernimmers. "We zien dat door het missen van het EK in Frankrijk de mensen eerder boeken, omdat ze niet hoeven te wachten tot Oranje uitgeschakeld is."
Dútsers
Benammen it tal Dútske gasten dat boatsjes of húskes hierd yn Terherne, is bot tanaam. De toeristyske ûndernimmers hawwe dêr ek tige harren bêst foar dien, want in delegaasje is nei in grutte wettersportbeurs yn Düsseldorf west.
Unrêst yn de wrâld
Ek de ûnrêst yn de wrâld spilet in belangrike rol. "Dat zou wel een verklaring zijn voor het feit dat het goed gaat met het aantal boekingen. Mensen blijven liever iets dichter bij huis, denk ik."