Hurdfytster Anouska Koster is titel yn Oerterp kwyt

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is der moandeitemiddei net yn slagge har titel te ferdigenjen yn de Wielerronde fan Oerterp. Se waard 2e efter har teamgenoate Roxane Knetemann (Nijkerk) fan de Rabobank Liv-formaasje. Beide froulju wiene fierstente sterk foar de rest fan it peloton.
Janneke Ensing (Gieten) pakte úteinlik it tredde plakje. Anouska Koster die snein noch mei oan de Belgyske klassiker Gent-Wevelgem. Dêryn einige se as 27e.