Nij Beets krijt spesjale wand foar ierdswellen

De swelwand by Nij Beets © Ringpost Menork, menork.nl
Yn de sânwinput by Nij Beets is in spesjale wand pleatst foar ierdswellen. It giet om in wand fan acht betonnen platen, dêr't goed 80 nêstgatten yn makke binne.
De platen binne de ôfrûne wiken delset, krekt foar it briedseizoen fan de fûgels. Dy wurde de kommende wiken werom ferwachte út it suden. De spesjale wanden binne hieltyd faker nedich, omdat der yn de natuer hieltyd minder romte foar ierdswellen is om te nesteljen.