Iepen dei by Boer Bart giet net troch fanwegen hurde wyn

28 mrt 2016 - 10:15

De iepen dei dy't Boer Bart moandei hâlde soe op syn biologysk bedriuw yn Rotstergaast giet net troch. Fanwegen de hurde wyn en wynstjitten dy't ferwachte wurde, fynt de boer it net ferantwurde om minsken op syn bedriuw te ûntfangen. It bedriuw hat gjin plak binnendoar dêr't it publyk by min waar yn kin.

Boer Bart fynt it spitich dat er de iepen dei ôfsizze moat, omdat er al in oantal wiken mei de tarieding dwaande wie. Op it bedriuw koe moandei ûnder oare aaien socht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)