Ferwûne by ûngelok Koudum is 19-jierrige man

In 19-jierrige man út Koudum is sneintejûn slim ferwûne rekke, doe't er mei syn auto tsjin in beam botste op de Nieuweweg yn dat plak. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de rjochterkant fan de auto yn de berm terjochte. Hy besocht de auto wer op de wei te krijen, mar gie oer de kop en botste tsjin in beam.
De brânwacht hat him út de auto holpen, om't er beknipe siet. Foar it ûngelok wie ek in traumahelikopter oproppen. Hy is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.