Peaskefjoeren wer oanstutsen rûnom yn de provinsje

Rûnom yn de provinsje binne sneintejûn de tradisjonele peaskefjoeren wer oanstutsen. Benammen yn de beide Stellingwerven gongen wer in soad bulten mei snoeihout yn 'e brân.
It peaskefjoer is fan oarsprong in heidensk ritueel. It moat de demoanen fuortjeie. No giet it mear om de gesellichheid en is it in soarte fan reüny. Sa stiet der by alle bulten hast wol in kreamke dêr't drank ferkocht wurdt. Yn Aldeholtpea kamen inkelde hûnderten minsken sjen nei it fjoer.