Sylboatsje slacht om by Sleat: Fjouwertal út wetter rêden

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op de Lytse Jerden by Sleat is sneintemiddei in falkje omslein. Fjouwer minsken binne derby yn it wetter rekke. Dat meldt de Brânwacht Fryslân op Twitter.
De brânwacht hat de silers op it drûge holpen en dêrnei binne se troch helpferlieners neisjoen. It is net bekend as se ferwûningen ha en wêrom it boatsje omslein is.