Koegelwieck fart net op peaskemoandei fanwegen hurde wyn
Yn ferbân mei de hurde wyn ferfalle op peaskemoandei de sneltsjinsten fan de Koegelwieck fan en nei Flylân. Dat meldt rederij Doeksen op har webside.
De ôffearten fan de sneltsjinst de Tiger gean wol gewoan neffens tsjinstregeling.