Autocross Blauhús ferskood nei 3 april, Kollum 2 april

27 mrt 2016 - 20:41
  • Der lizze plassen wetter op it parkoers troch de rein
  • Blubber yn Blauhús, autocross giet net troch
  • De autocross giet net troch
  • Bewenners fan soarchsintrum Foswert yn Ferwert krije de blommen fan de Kollumer autocross

De autocross fan Blauhús is ferskood nei nije wike snein 3 april. Dat lit de organisaasje witte. De autocross koe snein net trochgean omdat it terrein dêr't de cross hâlden wurde soe, te wiet wie. Sneon wie de organisaasje noch hoopfol dat it evenemint trochgean soe, mar der foel sneontenacht in protte reinwetter. Troch de dobben op it parkoers wie de autocross net mooglik.

Autocross Kollum

Ek de autocross fan Kollum giet net troch. It evenemint soe peaskemoandei om 11.00 oere hâlden wurde, mar giet fanwegen it minne waar net troch. De nije datum foar dizze autocross is no sneon 2 april. De organisaasje hat de blommen dy't foar it evenemint beskikber steld wiene, snein oanbean oan de bewenners fan soarchsintrum Foswert yn Ferwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)