LDODK ferliest yn Amsterdam fan AW/DTV: 29-23

André Zwart © awfoto.nl
De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk ferlearen sneontejûn de lestige útwedstriid tsjin AW/DTV yn Amsterdam. De Gordyksters begûnen goed oan it duel en hiene ek lang in foarsprong fan in pear goals. De rêststân wie 10-12, ûnder oare troch fjouwer goals fan André Zwart.
Yn de twadde helte lutsen de Amsterdammers it inisjatyf nei harren ta. Mei in oantal súksesfolle ôfstânsskotten naam AW/DTV ôfstân fan LDODK. Dy besochten noch wol werom te kommen, mar AW/DTV ferhege it tempo mei in oantal farske spilers. De einstân wie 29-23.
Dêrmei einiget LDODK op it seisde plak mei 14 punten, in kluprekôr.