De simmertiid begjint: langer stappe yn Ljouwert

26 mrt 2016 - 20:18
  • De klok giet de kommende nacht ien oere foarút

De oankommende nacht begjint de simmertiid. Dat betsjut foar eltsenien in koartere nacht, want om 2 oere wurdt de klok ien oere foarút set. Neffens saakkundigen duorret it foar in soad minsken wol in oantal wiken, foardat harren biologyske klok oan de simmertiid wend is.

Yn Ljouwert betsjut de simmertiid dat leafhawwers wer wat langer stappe kinne. De hoareka mei de kommende nacht klanten talitte oant 4 oere ta. De uterste slutingstiid is wer 6 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)