SGP Dantumadiel neamt kollum Bearn Bilker 'respectloos'

26 mrt 2016 - 19:07

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân moat it beslút fan Dantumadiel om foarearst net te fusearjen mei Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel respektearje. Dat skriuwt SGP-riedslid Tom Bakker fan Dantumadiel op syn website. Yn syn kollum op de website fan de gemeente Kollumerlân is Bilker tige kritysk oer it beslút fan Dantumadiel. Bilker neamt de arguminten om tsjin de fusy te wêzen yn syn kollum 'korte-termijn-argumenten'.

Bakker hat him hjir bot oan steurd. "Het is respectloos zoals hij over onze raad schrijft."

"Hij is ontevreden dat wij het niet met hem eens zijn. Maar in een democratie mag elke gemeenteraad in alle vrijheid zijn eigen beslissingen nemen. Ook burgemeester Bilker heeft dat te respecteren.” Bakker tinkt dat de gearwurking tusken Dantumadiel en de trije oare gemeenten troch de kollum fan Bilker ûnder druk komt te stean. "Op deze manier wordt het niks, ook niet met de ambtelijke fusie. Daarvoor is wederzijds vertrouwen nodig. Nou, zo’n kollum doet daar beslist geen goed aan”, skriuwt riedslid Bakker yn syn ferklearring.

"Ongefundeerde retoriek"

"Wij zijn van mening dat de gemeenteraad van Dantumadiel zich niet van de wijs moet laten brengen, zeker niet door ongefundeerde retoriek van een regent. Burgemeester Bilker kan zeggen wat hij wil, maar wij laten ons geen datum voorschrijven waarop wij vergaderen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)