Drankrider belutsen by ûngelok yn Ljouwert

26 mrt 2016 - 18:10
  • Alkoholkontrôle

Oan de Eksterstrjitte yn Ljouwert trappearre de plysje sneontemiddei in drankrider, omdat de man belutsen wie by in oanriding. De plysje lit ornaris alle bestjoerders dy't by in botsing belutsen binne blaze. De Ljouwerter (51) hie dúdlik fierstente folle dronken en mocht syn rydbewiis oan de plysje ôfjaan.

De man krige in rydferbod fan tolve oeren. Meikoarten mei de man him by de plysjerjochter ferantwurdzje foar it riden ûnder ynfloed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)