Eigener pakt op De Lemmer stellen steger wer werom fan dief

© ANP XTRA
Oan de Houtsaachmole op De Lemmer waard freed oan de ein fan 'e middei by in ynbraak stegermateriaal stellen. De dief hie it guod mei oanhingwein en al fêstmakke oan in grize bestelbus. Mar de eigener liet it der net by sitte en by de stopljochten oan de Strjitwei op De Lemmer kaam it ta in konfrontaasje tusken de eigener fan it guod en de ynbrekker. De eigener pakte hjirby de oanhingwein mei guod en al wer werom.
De ynbrekker naaide gau út yn de grize bestelbus. De plysje siket no om tsjûgen fan it ynsidint.
Wa't de konfrontaasje sjoen hat of de plysje helpe kin oan it kenteken fan de grize bestelbus wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje op De Lemmer.