Drachtster Boys ferliest ynhelwedstriid by AZSV

26 mrt 2016 - 16:31

Drachtster Boys ferlear sneon de ynhelwedstriid mei 3-1 by AZSV. Yn Aalten sette Sicco Bouwer de iepeningstreffer nei 18 minuten op it boerd. De oanfaller fersulvere in strafskop foar de Drachtsters. Nei in goed healoere stie de lykmakker lykwols al wer op it boerd. Nei rêst duorre it lang foardat der skoard waard. Yn de 88e minút wie it raak foar AZSV en yn ekstra tiid pakte de thúsploech dochs noch in romme oerwinning.

Troch it ferlies bliuwt de ploech fan trainer Marius Hendriks stean op 6 punten út 20 wedstriden.

Trefwurden: 
Drachtster Boys fuotbal AZSV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)