Bestjoerder 'banaanfyts' rekket ferwûne by ûngelok yn Blije

By it ûngelok rekke de bestjoerder fan de banaanfyts ferwûne © De Vries Media
By in oanriding op de Farrewei yn Blije is sneontemiddei de bestjoerder fan in banaanfyts, in aerodynamyske fyts yn opfallende giele kleur, ferwûne rekke. De oanriding wie oan it begjin fan de middei. De bestjoerder fan de banaanfyts soe de macht oer it stjoer ferlern hawwe. Dizze fyts botste op de auto. In racefytser dy't fan de oare kant kaam, botste letter wer op de banaanfyts. Beide fytsers rekken hjirby ferwûne.
De slachtoffers waarden mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
De ôfdieling ferkearsûngefalle-analyze fan de plysje die wiidweidich spoare-ûndersyk op it plak fan it ûngelok. De Farrewei wie fanwege ûngelok en ûndersyk in skoft ôfset foar it ferkear.