Liening fan 20.000 euro foar ferbouwing doarpshûs Jorwert

De jiergearkomste fan Doarpsnut Jorwert hat ynstimd mei in liening fan maksimaal 20.000 euro foar de ferbouwing fan doarpshûs Ons Huis. En sa kriget it plan om yn it doarpshûs flechtlingen te húsfestjen hieltyd fierder foarm. Mar it giet net sa hurd. Omdat der in ferbouwing barre moat, moatte der ek gemeentlike fergunningen komme en dy gemeentlike mûnen draaie stadich.
Buro de Vries folget it hiele projekt en docht alle moannen ferslach fan it krewearjen fan de inisjatyfnimmers.