Tûmba wol Museum of Love dochs útfiere, dan mar bûten KH2018

26 mrt 2016 - 11:43
  •  Tûmba
  • Kulturele Haadstêd Ljouwert: 'Hollânsker is der net'......

As Kulturele Haadstêd gjin jild oer hat foar it Museum of Love fan Tûmba, dan moat it projekt mar op in oar plak en in oar momint útfierd wurde, sizze de betinkers. It Museum of Love krijt - krekt as fiif oare grutte projekten - foarearst gjin jild fan Kulturele Haadstêd, wylst om goed 2 miljoen euro frege wie.

Dêrfoar soe in tydlik museum opsetten wurde, mei as tema 'de leafde'. Der soene ek seis sympoasia komme, in edukatyf program foar skoallen en in online platfoarm. 

Probleem is dat de de bydragen fan sponsors fan Kulturele Haadsted 2018 noch hieltyd fier achterbliuwe by de ferwachtingen. Tûmba hat sels al konkludearre dat de tiid no te krap wurdt om it Museum of Love goed út te fieren. De winsk bliuwt lykwols om it wol út te fieren, dan mar op in oar plak en op in oar momint. Dat kin ek bûten de provinsje wêze, as der dêr wol finansjele stipe is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)