Plysje skriuwt 70 bekeurings út by grutte kontrôles

26 mrt 2016 - 10:53

De plysje hat freed oan de ein fan de dei mear as 70 bekeurings útskreaun by grutte kontrôles by Koarnwertersân en It Hearrenfean. Dêr waard alle ferkear kontrolearre, de bekeurings wiene foar ferskate saken, lykas it riden mei in ûnjildich rydbewiis, ride yn in stellen auto, of te hurd riden.

De kontrôle waard holden yn it ramt fan de striid tsjin banditisme, dat binne groepen omswalkjende kriminelen dy't rûnom ynbrekke of minsken oplichte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)