Theunis Piersma wurdt tydlik wethâlder yn Dantumadiel

It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Theunis Piersma sil de kommende fjouwer moanne oan de slach as wethâlder yn de gemeente Dantumadiel. Hy sil dêr Emke Peterson ferfange dy't mei sykteferlof is.
Piersma wie earder fyftjin jier boargemaster fan Wûnseradiel en ek tolve jier riedslid yn Tytsjerksteradiel. Syn beneaming wurdt kommende tiisdei yn de ried fan Dantumadiel besprutsen.