Swimnachtmaraton op It Hearrenfean smyt goed 3500 euro op

In swimmaraton dy't de hiele nacht fan freed op sneon op It Hearrenfean west hat, hat goed 3500 euro opsmiten foar it goede doel. En dat is boppe ferwachting, seit de organisaasje. Yn totaal 140 dielnimmers, ferdield oer 16 teams, swommen fan freedtejûn tsien oere ôf yn estafettefoarm safolle mooglik kilometers.
It jild dat se dêrmei byelkoar swommen hawwe, giet nei de Stichting Hartekind. Dat is in organisaasje dy't him ynset foar bern mei in hertôfwiking.