D66 fiert yn Ljouwert kampanje foar Oekraïne-referindum

25 mrt 2016 - 22:06

D66 sil sneon kampanje fiere foar it referindum op 6 april. Se sille yn ferskate Nederlânske stêden de strjitte op om mei minsken yn petear te gean oer it gearwurkingsferdrach tusken de EU en Oekraïne. Ek yn Ljouwert. De Twadde Keamerleden Fatma Koser Kaya en Vera Bergkamp komme mei in kampanjebus nei de Fryske haadstêd.

Se sille flyers útdiele en wolle de diskusje oangean mei minsken op strjitte. Harren doel is dat safolle mooglik minsken 'ja' stimme sille by it referindum.

Ien fan de foarbygongers freget him ôf wêrom't de befolking frege wurdt om te stimmen, hy fynt dat we dêrfoar in Twadde Keamer hawwe.

Trefwurden: 
D66 referindum kampanje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)