UPDATE: Auto yn sleat by Muntsjesyl, bestjoerder komt om

25 mrt 2016 - 21:48

In 47-jierrige man út Zoutkamp is freedtejûn om it libben kommen by in iensidich ûngelok by Muntsjesyl. De man ried oer de Kwelderwei út de rjochting fan Dokkumersyl doe't hy de macht oer it stjoer ferlear. Hy skeat oan de linkerkant by de dyk del en bedarre yn de sleat.

De helptsjinsten hawwe de man út de auto helle en besocht him te reanimearjen, mar dat is net slagge. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)