Prelude is ien fan de bêst beharke Omrop-programma's

It programma Prelude by Omrop Fryslân is mei 50.000 harkers ien fan de bêst beharke radioprogramma's fan de regionale omroppen. It hat in merkoandiel fan 53%. Dat betsjut dat ien op de twa radio's sneintemoarn ôfstimd stuet op de omrop. Yn Prelude wurdt geastlike muzyk op fersyk draaid en der is in oertinking fan in dûmny. Alle wiken binne der hûndert oanfragen, mei lokwinsken, betankjes en winsken ta bemoediging.
It programma is der tsien jier en wurdt makke troch Rein Tolsma en technikus Aise van Beets.