Hûnderten auto's op beurs 'Klassieker' yn Drachten

25 mrt 2016 - 19:37

It peaskewykein stiet yn Drachten yn it ramt fan de nostalgy. Hûnderten klassike auto's, trekkers en motors steane te pronkjen yn it Frysk Kongres Sintrum. Ferspraat oer 9.000 m2 en meardere hallen wurdt it moaiste materiaal fan tsientallen klups en partikulieren showd.

Op de beurs wurde ek ûnderdielen ferkocht en litte restauraasjebedriuwen sjen wat se kinne. De beurs 'Klassieker' duorret noch oant en mei peaskemoandei.

Trefwurden: 
oldtimer Drachten beurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)