Dingtiid striidt foar gebrûk Frysk by Belestingtelefoan

It Taalorgaan Dingtiid hat in brief oan minister Plasterk stjoerd wêryn protest oantekene wurdt tsjin it feit dat Friezen mei fragen oan de Belestingtelefoan net har memmetaal brûke kinne. Neffens Dingtiid oertrêdet de Belestingtsjint hjirmei de Taalwet út 2014, dy't tastiet dat Friezen yn har eigen taal mei meiwurkers fan Rykstsjinsten kommunisearje. Neffens in wurdfierder is de Belestingstsjinst lykwols in lanlik wurkjend orgaan.
Dingtiid wol dat de minister dizze ûntwikkeling sa gau mooglik keare sil.
It taalorgaan krijt hjirby stipe fan deputearre Sietske Poepjes. Ek sy neamt de situaasje ûnakseptabel en easket maatregels fan Den Haag.